Bloed, swit en triennen, mar Jillert Anema presintearret nije ploech

25 okt 2018 - 16:06

Jillert Anema hat tongersdeitemoarn syn nije reedrydploech presintearre: Team easyJet. Doe't ferline seizoen dúdlik waard dat de ploech fan Anema en sponsor Clafis útinoar gongen, hat Anema de hiele simmer dwaande west om in nije ploech gear te stallen en sponsors te sykjen. "Ik haw in part fan it trainingskamp sels betelle", seit er.

Jillert, hjoed wie dan lang om let de presintaasje fan Team easyJet. Bist ferromme?

"Nee, dat noch net. We hawwe noch sa drok west mei fan alles. De KNSB-lisinsje hawwe we krekt binnen, de klean moasten ôfmakke wurde, promofilmkes moasten we meitsje, alle gifkes binne makke. Mei sokke dingen hawwe we hiel drok west. It hat hiel hektysk west."

Kinst der wol fan genietsje?

"No, minder dus. Mar ik bin wol hiel bliid dat we de ploech byinoar hâlden hawwe en dochs wer in moaie sponsor fûn hawwe. We binne eins mei ús allen byinoar bleaun en hawwe der in groep talinten by krigen."

Hat it gedoch yn de simmer aanst ek ynfloed op it iis?

"Ja."

Hoe merke we dat dan? Yn de prestaasjes?

"Ja. Of no ja, nee, dat hoopje ik net, mar miskien wol yn de tiden. Reedriden is in sport dêr't ûntspannen wêze altyd in soad ynfloed hat. Dit gedoch fynt gewoanwei yn april plak, mar no wie it allegearre letter. Dat docht wol wat mei jo."

Dat wurdt dus neat.

"Hahaha, dat binne meastentiids myn wurden."

Simon en Irene Schouten binne op it trainingskamp yn it Dútske Erfurt lilk nei hûs ta gien. Kloppet dat?

"Ja."

Wêrom?

"Se wiene lilk op my. Dat hawwe je soms, hin."

Hat it wat te krijen mei it kontrakt en de betingsten?

"Ja, dat soe kinne, mar dêr wol ik fierders neat oer sizze. It moat hjoed ek oer ús nije team gean en se binne der ek by. Dêr bin ik hartstikke bliid mei."

Team easyJet - Foto: www.orange-pictures.nl

Hast der no ek in soad jonge talinten by en wolst dy mear rjochtsje op de koartere ôfstannen. En mooglik gearwurkje mei Gerard van Velde. Wat hâldt dat yn?

Mei fjouwer of fiif riders yn ien team kinst prizen pakke op de lange ôfstannen, mar it is net hiel maklik om dan ek noch mei in pear riders op de koarte ôfstannen wat te winnen. Net yn deselde ploech. Dat kin net, omdat it net effisjint is. We sjogge nei de mooglikheid om gear te wurkjen, want der is neat moaiers as riders op koarte ôfstannen better meitsje.

Wol wer sin oan it seizoen?

Ja, machtich. Altyd wer.

Team easyJet bestiet út de folgjende Fryske reedriders:

  • Jorrit Bergsma (Aldeboarn)
  • Bob de Vries (De Haule)
  • Arjan Stroetinga (Wynjewâld)
  • Carien Kleibeuker (It Hearrenfean)
  • Marijke Groenewoud (Hallum)
  • Tjerk de Boer (Weidum)

Oare riders yn it team binne:

  • Erik Jan Kooiman
  • Evert Hoolwerf
  • Irene Schouten
  • Simon Schouten
  • Elisa Dul
  • Lex Dijkstra
  • Thomas Geerdinck
(advertinsje)