Marijke Groenewoud is bakker én reedrider

It reedrydseizoen begjint folgjende wike echt mei it World Cup-kwalifikaasjetoernoai yn Thialf. Der ha nochal wat wikselingen west en der binne nije ploegen by kaam. Dêrom litte we jimme yn de oanrin nei it kommende seizoen eltse dei yn 'e kunde komme mei ien fan de Fryske reedriders. We begjinne mei Marijke Groenewoud fan Hallum.
Marijke Groenewoud is bakker én reedrider
Marijke, bist oerstapt fan Team Frysk nei Team easyJet. Is dat in grut ferskil?
"It is allegear wol krekt wat profesjoneler. En ik bin no echt ien fan de jongsten en dus kin ik noch in soad leare fan de oaren."
Do hast ferline jier de sykte fan Pfeiffer hân. Bist der wer hielendal boppe-op kaam?
"Ja, ik ha dizze simmer goed meidraaid en skeelere. Under oare op it WK skeelerjen, mar de resultaten wiene net sa goed. Doe koe ik noch wel merke dat ik noch net hielendal de âlde wie. No fiel ik my wol goed en bin ik hielendal better."
Hast no de oerstap makke nei de profesjonele ploech. Kinst der no fan libje?
"Ik wenje noch thús by ús heit en mem en ik wurkje by de bakker. Sa kin ik der prima fan rûn komme."
Is dat net dreech, wurkje by de bakker en topsport?
"Nee, ik fyn dat just lekker. Ik moat net op de bank sitten gean of sa. Dan wurd ik hiel ûnrêstich. Ik ha der baat by om altyd op in paad te wêzen."
Silst ek maratons ride?
"Ja, dit wykein is myn earste yn Deventer. Ferline wike wie noch de Holland Cup en moast ik de earste maratonwedstriid oerslaan. Ik fyn it maratonriden miskien wol it moaiste ûnderdiel. Ik ha noch nea yn in fol Thialf riden, dus ik wit net hoe't dat is, mar it spultsje fyn ik wol hiel moai."
Kinst dat kombinearje?
"Ja, tink ik wol. Ik moat dat fansels ek efkes ôfwachtsje, mar se dogge it by dizze ploech hast allegear. Ik sjoch dit as in opboujier."
Team easyJet bestiet út de folgjende Fryske reedriders:
Oare riders binne: