Meiwurkers soarchynstelling Meriant: "Direksje moat problemen Lindestede oplosse"

25 okt 2018 - 15:40

Meiwurkers fan soarchynstelling Meriant ha der skjin har nocht fan dat de direksje de problemen op lokaasje Lindestede yn Wolvegea net oanpakt. Dat ha se it fakbûn FNV witte litten. De wurkdruk dêr is hiel heech, der binne te min minsken en de roasters binne ûnwurkber, seit it personiel. Dat praat al moannen mei de direksje oer in oplossing, mar dat hat noch neat opsmiten.

Lindestede yn Wolvegea - Foto: Omrop Fryslân, Ronnie Porte

Neffens de FNV yntimidearret de direksje it personiel. As de direkteur de problemen net oplost, moat de polityk yngripe, fynt it fakbûn.

Nije wike komme tsientallen meiwurkers fan Meriant by elkoar. Se presintearje dan in boek oer hoe't de wurkjouwer mei har omgiet. Neffens de FNV giet it om skokkende ferhalen.

Trefwurden: 
FNV LindeStede Meriant wurkdruk
(advertinsje)