'Lelijke loods' yn Drylts makket kâns op arsjitektuerpriis

25 okt 2018 - 15:25

Doe't it gebou oankundige waard, stiene de Dryltsters net bepaald te jûchjen. It wie in "lelijke loods" en it plak wie totaal ferkeard. Dochs sette it bestjoer fan it Houtmuseum yn Drylts troch en keas foar in ûntwerp fan arsjitekt Haiko Meijer.

Houtmuseum Drylts - Foto: Omrop Fryslân, Wytse Vellinga

Nominearre

En no, krap in jier nei de oplevering is it Houtmuseum Drylts nominearre foar in wichtige arsjitektuerpriis. Yn de finaleronde fan de provinsjale Vredeman de Vries Priis moat it museum it opnimme tsjin de Blokhúspoarte yn Ljouwert, it Poortgebou Nachttuin yn Wier, in nijbouhûs yn Bartlehiem en Huis aan het Meer yn Aldegea.

Houtmuseum Drylts - Foto: Omrop Fryslân, Wytse Vellinga

Hast folslein fan hout

Wat benammen opfalt oan it museum is dat it hast folslein fan hout makke is. "De geur fan it hout is it earste dat de besikers opfalt at se binnen komme", sa seit Piet Hoogeveen fan it museum. "En dy geur wolle we ek sa lang mooglik beethâlde, fan dêr dat it hout ek nearne mei behannele is." Neffens Hoogeveen is ek hiel dúdlik te sjen hoe't it museum fan binnen yn elkoar stekt. "Neat is fuortwurke, je kinne elke balke sjen."

Utslach

Oft se ek echt kâns meitsje, wit Hoogeveen net. Mar hy en de oare bestjoersleden hoopje fansels fan wol. Al wie it allinnich al omdat it de kas fan it museum ek wat spekt. "As it gebou de priis wint, giet de helte nei de arsjitekt en de oare helte nei de opdrachtjouwer. En dat jild kinne we wol brûke om it museum noch wat better yn te rjochtsjen."

Op 17 novimber wurdt bekend hokker gebou de Vredeman de Vries Priis en de 5.000 euro oan prizejild krijt.

Piet Hoogeveen oan it wurd

(advertinsje)
(advertinsje)