Museumbuorkerij Ot en Sien begjint mei deibesteging foar âlderein

25 okt 2018 - 15:11

Museumbuorkerij Ot en Sien yn Surhústerfean begjint takom jier mei deibesteging foar âlderein. Kwetsbere âlderen dy't noch thúswenje kinne fan jannewaris ôf trije dagen yn 'e wike yn it museum teplak om spultsjes te dwaan, bôle te iten of har te ûntspannen. Dat kin dan tusken de skoalplaten fan Cornelis Jetses en oare saken út harren eigen jeugd.

De smûke ûntfangstromte fan it Ot en Sienmuseum yn Surhústerfean - Foto: Omrop Fryslân

Inisjatyfnimster Johanna Pitstra hat yn it ferline sels yn de âldereinsoarch wurke. It foel har al langere tiid op dat benammen âlderen harren tige thús fiele yn it Ot en Sienmuseum. Doe't it museum op syk gie nei aktiviteiten foar de stille dagen en stille wiken, foel ynienen it kwartsje: deibesteging foar âlderein.

Omdat de gemeente Achtkarspelen it ek in goed idee fûn, kin it museum yn jannewaris úteinsette mei de nije aktiviteit.

Sfear bliuwt gelyk

"Wy sille wol soarch ferliene, mar it museum wurdt gjin soarchynstelling", fertelt Johanna Pitstra. "De sfear fan it museum bliuwt gelyk; wy sille ek gjin wite broek of wite jurk oanlûke."

By de deibesteging draait it yn 'e belibbing fan frou Pitstra om oandacht en tiid en om aktiviteiten dêr't de âlderen sels ferlet fan hawwe.

Moarns hawwe de âlderen it hiele museum foar harren sels, omdat it museum allinnich middeis iepen is. Middeis kinne de âlderen telâne yn in eigen ûntfangstromte dy't net tagonklik is foar museumbesikers.

De deibesteging yn it Ot en Sienmuseum hat plak foar sa'n tolve âlderen. De earste reaksjes dy't it museum krijt op it inisjatyf binne neffens frou Pitstra tige posityf.

Al hielendal ynrjochte op âlderen

Omdat it museum al hielendal ynrjochte wie op âldere besikers, mei saken as trepliften en oanpaste húskes, binne der net folle oanpassings mear nedich om útein te setten mei de deibesteging.

Harkje nei Johanna Pitstra fan it Ot en Sienmuseum

(advertinsje)