FIDEO: Lêste spikers wurde yn replika skip fan Willem Barentsz slein

25 okt 2018 - 14:37

Oer in pear dagen is it safier, dan giet de replika fan it skip fan Willem Barentsz it wetter yn. Prinses Margriet krijt de eare it skip te dopen en de wiere namme bekend te meitsjen. De namme dy't it skip dus echt hie.

Der is jierren hurd oan it skip wurke. Tsjinslaggen wiene der genôch, lykas ôfrûne simmer. De drûchte soarge der doe hast foar dat alle planken krompen. Mar no is it dus einliks safier.

It skip giet op sneon 27 oktober om 14.00 oere by de Willemskade yn Harns te wetter.

(advertinsje)