Psychiatrysk ûndersyk foar ûnderstelde brânstichter Appelskea

De rjochtbank yn Ljouwert hat de saak tsjin in 26-jierrige man út Appelskea dy't fertocht wurdt fan brânstichting, foarearst stillein. De man moat earst psychiatrysk ûndersocht wurde en it wachtsjen is op in rapport fan de reklassearring.
Brânwacht dwêst it fjoer yn Drents-Friese Wold © De Vries Media
De man wurdt fertocht fan in natuerbrân yn it Drents-Friese Wold op 24 july. Nettsjinsteande de drûchte smiet de man neffens justysje baarnende sigaretten fuort. De man wenne yn dy tiid op basis fan in rjochterlike maatregel yn in wensoarchkompleks yn Appelskea.
Syn advokaat seach gjin needsaak foar it psychiatrysk ûndersyk, mar de rjochter gie dêr net yn mei. De saak is no foar trije moannen skorst, sadat de man ûndersocht wurde kin.