Bûtenlânske toeristen entûsjast oer Fryslân

25 okt 2018 - 14:12

Wat wiene wy yn Fryslân grutsk dat ús provinsje yn de Lonely Planet stie as ien fan de moaiste plakken op de wrâld. It wie foar Lysanne Kuindersma reden om mear toeristen nei Fryslân te heljen. Sy organisearret sûnt koart de bustoer Amsterdam Lake District, wêrby't toeristen út Amsterdam wei nei ús provinsje komme. En mei sukses, want der komt in ferfolch.

Belgyske toeristen by Swarte Haan. - Foto: Remco de Vries

In bus fol toeristen dy't út Amsterdam wei oer de Ofslútdyk nei Fryslân komt om hjir ús 'verborgen parels' te besjen. Dat wie it plan fan Lysanne, wêrmei't se koartlyn úteinsette. "Wy ride nei plakken lykas it museumdoarp Allingawier en Hylpen. En fansels mei in besite oan it Woudagemaal net ûntbrekke", fertelt se entûsjast. "De reaksjes binne posityf. Wy hawwe al minsken út Sina, Yndia en Súd-Afrika op besite hân. En ek Friezen sels ûntdekke plakjes dy't se noch nea earder sjoen hawwe."

Ferfolch yn 2019

De positive reaksjes binne oanlieding foar Lysanne om har pilot Amsterdam Lake District in ferfolch te jaan yn 2019.

Lysanne Kuidersma betocht de bustour fan Amsterdam nei Fryslân

(advertinsje)