N381 wer frijjûn foar it ferkear
De N381 tusken Oerterp en Wynjewâld is suver krekt wer frijjûn troch de plysje. Earder op de dei sloech in auto oer de kop by Wynjewâld en waard it ferkear troch de plysje omlaat. Om 14.00 oere is de dyk wer frijjûn en kin ferkear wer fan Drachten nei Donkerbroek oer de N381.