SC Cambuur begjint mei fertroud alvetal oan wedstriid tsjin koprinner Go Ahead

25 okt 2018 - 13:26

Trainer René Hake feroaret neat oan de basisopstelling fan SC Cambuur. De Ljouwerters gean freed op besite by de koprinner fan de earste difyzje: Go Ahead Eagles. Kevin van Kippersluis, dy't ferline wike útfoel mei in blessuere oan syn hân, is fit genôch om wer yn de basis te begjinnen. Dat jildt net foar Jordy van Deelen, David Sambissa en Kevin Schindler. Dat trijetal ûntbrekt troch blessueres.

Go Ahead Eagles - SC Cambuur - Foto: Omrop Fryslân

Go Ahead Eagles kin freed de earste perioadetitel winne. Trainer René Hake ferwachtet dêrom dat de Deventenaren oanfallend fan start gean sille: "Zij spelen thuis, willen de toon zetten en ons onder druk zetten. De kunst is om daar onderuit te voetballen." Dat Go Ahead boppe-oan stiet, fynt Hake terjochte. "Go Ahead speelt met veel energie, loopvermogen en duelkracht. Zij staan verdiend bovenaan."

Spits Karim Rossi hat goeie oantinkens oan De Adelaarshorst. Ferline jier makke hy dêr in goal en joech er in assist. No is de situaasje oars en sit er op de bank. "It is frustrearjend om op de bank te sitten, wylst jo kluptopskoarer binne. Wy moatte mar sjen hoe't it komt. Der binne noch wat wedstriden oant jannewaris", sa seit Rossi. Hy doelt dêrmei op de transferperioade, wêryn't spilers fan klup feroarje kinne.

De wedstriid tusken SC Cambuur en Go Ahead Eagles set freedtejûn om 20.00 oere útein en is live te folgjen by Omrop Fryslân op 'e radio. Fanút De Adelaarshorst fersoarget ferslachjouwer Andor Faber it kommintaar.

(advertinsje)