Epke Zonderland sterk yn kwalifikaasje foar WK turnjen

25 okt 2018 - 13:07

Epke Zonderland hat by it WK turnjen yn Doha yn de kwalifikaasjes in goede oefening oan de rekstok delset. De olympysk kampioen fan Londen 2012 en twafâldich wrâldkampioen kaam ta in skoare fan 14,400.

Foto: ANP

Hoewol't it noch betiid is yn it toernoai, liket de skoare fan 14,400 mear as genôch foar in plak yn de tastelfinale. It is de heechste skoare oant no ta.

De Nederlânske ploech stiet op it momint twadde, efter Ruslân. "It wie geweldich", sei Zonderland nei ôfrin. "We ha gjin grutte flaters makke en dat is wêr't we op hopen. We kinne grutsk wêze op ússels."

Zonderland waard ferline jier by it WK yn Montreal twadde op syn favorite tastel.

(advertinsje)