Auto slacht oer de kop op N381 by Wynjewâld
Op de N381 by Wynjewâld is in auto oer de kop slein. Neffens omstanners ried de auto mei hege snelheid. De bestjoerder is út de auto slingere en swier ferwûne rekke.
De brânwacht en in traumahelikopter waarden oproppen. Troch noch ûnbekende oarsaak bedarre de auto neist de dyk. Doe't de bestjoerder dit korrizjearje woe, gie it mis. De auto sloech om en kaam op 'e kop op de dyk telâne.
De auto stiet noch op de dyk en dêrtroch is de N381 fan Oerterp yn de rjochting Wynjewâld op dit stuit ôfsletten foar ferkear. It ferkear wurdt omlaat.