Eigener fan nijsgjirrige boarre komt út Brabân

De eigener fan it nijsgjirrige poeske dat woansdei yn in bestelbus krûpte hat him meld by de bistedokterspraktyk yn Sint-Oedenrode. It baaske komt út it doarpke Asten, dat 40 kilometer fan de bistedokterspraktyk leit. It bistje hat dus gjin 700 kilometer yn de bestelbus sitten, sa't earst tocht waard.
© ANP Foto
Het broertje van de kitten mist hem heel erg.
Bistedokter Saskia Geelen
De baas fan it poeske socht tongersdei kontakt op mei bistedokterspraktyk De Meijerij, nei't der yn ferskate media omtinken jûn wie oan de reis fan it katsje. Hy koe de bistedokter krekt fertelle om hokker koeriersbedriuw it gong. Dêrmei is wis dat de man de baas fan it poeske is.
"Het broertje van de kitten mist hem heel erg; de koerier en de eigenaar gaan er voor zorgen dat ze snel weer bij elkaar zijn", fertelde bistedokter Saskia Geelen.