Antonius Zorggroep riedt him ta op ekstra pasjinten

25 okt 2018 - 11:48

De Antonius Zorggroep riedt him ta op ekstra pasjinten út de Noardeastpolder en fan Urk. It Snitser sikehûs hat in festiging yn Emmeloord en wreidet it oanbod út mocht dat nedich wêze no't de IJsselmeerziekenhuizen fallyt ferklearre binne.

It Antoniussikehûs yn Snits - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

Tongersdeitemoarn wie der in lanlik oerlis oer de sikehûssoarch, dêr't Marcel Kuin, foarsitter fan de ried fan bestjoer fan de Antonius Zorggroep, by oanwêzich wie. "De zorg in Sneek blijft gecontinueerd", stiet yn it parseberjocht fan de Antonius Zorggroep te lêzen. Dêrmei lit it sikehûs witte dat pasjinten yn de regio der neat fan fernimme sille.

Der is sprake fan in oernamekandidaat foar de IJsselmeerziekenhuizen, mar it is net wis wa't dat krekt is.

Fallisemint

De IJsselmeerziekenhuizen yn Dronten, Lelystêd en Emmeloord hiene sokke grutte finansjele problemen dat se de holle net mear boppe wetter hâlde koene. Tongersdeitemoarn binne se fallyt ferklearre troch de rjochter.

Ferslachjouwer Remco de Vries oer de situaasje

(advertinsje)