Leonardo Eltink nije oanwinst basketbalklup Aris

25 okt 2018 - 11:41

De Ljouwerter basketbalklup Aris hat mei Leonardo Eltink de winske Nederlânske ferfanger foar Bjorn de Vries. Eltink is in 1 meter 95 lange small forward, dy't oant no ta allinnich yn Brazilië spile hat en graach nei Nederlân werom woe.

Aris Ljouwert - Foto: Aris Ljouwert

De 23-jierrige Eltink slút fan kommende sneon ôf oan by de seleksje en sil nei ferwachting in wike letter syn debút meitsje yn de thúswedstriid tsjin Swolle. De Vries mocht earder gean om't hy net yn it systeem fan coach Tony Van den Bosch paste.

(advertinsje)