Fan wa is dizze nijsgjirrige wrâldreizger?

25 okt 2018 - 11:28

Wa is it baaske fan de jonge Siperske boarre dy't woansdei troch hiel Nederlân reizge? It bistje krûpte yn de bestelbus fan in koeriersbedriuw en makke in tocht fan goed 700 kilometer. De sjauffeur hie neat yn de gaten. Mar no komt de wichtichste fraach: wêr komt it nijsgjirrige bist wei?

Foto: ANP Foto

De bestelbus hat ûnder oare yn Fryslân, Grinslân, Drinte en Noard-Brabân west. Pas oan it ein fan de rit kaam de sjauffeur der achter dat hy in ferstekkeling oan board hie. It bistje is nei alle gedachten by it útladen fan pakketten yn de bestelbus krûpt.

Der wurdt goed op past

De sjauffeur hat kontakt opnaam mei de bistedokterspraktyk De Meierij yn Sint-Oedenrode en dy hat it poeske ûndersocht. De kat is goed sûn, mar hat gjin chip. Dêrtroch is net bekend wa't de eigener is. De koerier hat it bistje meinaam nei hûs en past der op oant it baaske him by de praktyk meldt.

Trefwurden: 
Fryslân kater koerier útladen
(advertinsje)