GGZ-ynstellingen komme mei oplieding om krapte ferpleechkundigen tsjin te gean

25 okt 2018 - 11:24

Mbû'ers en hbû'ers ferpleechkunde kinne fan febrewaris takom jier ôf oan de slach op in betelle wurk-learplak by fiif grutte GGZ-ynstellingen yn it Noarden. Ien fan harren is GGZ Fryslân.

GGZ Friesland - Foto: Omrop Fryslân

De ynstellingen wurkje gear mei hegeskoallen NHL Stenden yn Ljouwert, de Hanzehegeskoalle yn Grins en Windesheim Swolle. Se biede 18 opliedingsplakken oan en wolle sa wat dwaan oan de krapte op de arbeidsmerk foar ferpleechkundigen.

De oplieding duorret 2,5 oant 4 jier. Studinten wurde oplaat ta hbû-ferpleechkundige yn de geastlike sûnenssoarch.

Op 2 novimber is der yn Súdlaren in ynformaasjegearkomste.

(advertinsje)