IJsselmeerziekenhuizen troch rjochter fallyt ferklearre

25 okt 2018 - 11:03

De IJsselmeerziekenhuizen binne tongersdeitemoarn troch de rjochter fallyt ferklearre. De sikehûzen yn Dronten, Lelystêd en Emmeloord fregen earder dizze wike al útstel fan betelling oan. Wat de gefolgen binne fan it fallisemint is noch net dúdlik. Mooglik komme der mear pasjinten nei Fryske sikehûzen.

Foto: ANP Foto

De ôfrûne tsien jier hawwe de IJsselmeerziekenhuizen fan ferskate organisaasjes foar miljoenen euro's oan finansjele stipe krigen. Tsien jier lyn wiene der ek al grutte finansjele problemen. Doe binne de sikehûzen oernaam troch soarchûndernimmers Loek Winter en Willem de Boer.

Sionsberg Dokkum

Undernimmer Loek Winter is ek oandielhâlder fan medysk sintrum Sionsberg yn Dokkum. De direksje dêrfan hat witte litten dat sy gjin finansjele problemen ha en dat it fallisemint fan de IJsselmeerziekenhuizen gjin gefolgen hat foar Sionsberg.

Antonius Snits

It Antoniussikehûs yn Snits hat in festiging yn Emmeloord en sil mooglik mear pasjinten út de Flevopolder helpe.

(advertinsje)