Gedoch tusken sport- en beropfiskers yn Ljouwert

25 okt 2018 - 10:36

Der is gedoch tusken de sport- en de beropsfiskerij yn de omkriten fan Ljouwert. Nei tolve jier is der in nije beropsfisker yn it gebiet fan de Grutte Wielen, de Murk en it Ouddeel kaam en hy hat dêr fûken pleatst om fisk te fangen. Om't de emoasjes sa heech oprinne, wie der woansdeitejûn in gearkomste yn Ljouwert.

Gearkomste fiskers yn Ljouwert - Foto: Omrop Fryslân, Johanna Brinkman

Net op de hichte brocht

De sportfiskers binne dêr, sa't se sizze, net fan op de hichte brocht. Se binne benaud dat se troch de fûken minder fisk foar de sport fange kinne. Troch dizze situaasje rinne de emoasjes flink op. Sa hat beropsfisker Ale de Jager bedrigings op Facebook krigen.

"Se ha drige myn netten stikken te meitsjen", seit de fisker. HSV Leeuwarden en Sportvisserij Fryslân wolle mei de gearkomste woansdeitejûn de ûnrêst weinimme.

Ik fiel my suver wat in misdiediger.

Ale de Jager
Beropsfisker Ale de Jager - Foto: Omrop Fryslân

Goodwill

Beropsfisker Ale de Jager fielt him hast in misdiediger nei de sportfiskers ta, al hat hy it rjocht om de fûken te pleatsen. Dochs wol De Jager de sportfiskers temjitte komme en hy tinkt dat de gearkomste dêr foar soargje sil. "Ik ha no mei de sportfiskerij ôfpraat dat ik net mear fûken pleatse sil. Dat is it wetter dat ik by de wyn doch." De Jager sjocht dit net as in kompromis, mar as goodwill nei de sportfiskers ta.

Of dit genôch is foar de sportfiskerij, dêr hopet fisker Rick van der Sluis wol op. "Ik fyn dit in goeie stap fan de beropsfisker. Dit is genôch," seit Van der Sluis. Sawol De Jager as Van der Sluis sjogge posityf werom op de gearkomste.

(advertinsje)