Man op earste tochtsje mei nije motor ûnderút

In 67-jierrige man út de gemeente Dongeradiel koe woansdei net lang genietsje fan syn nije motor. De man gong op de Jupiterwei yn Ljouwert ûnderút. Hy kaam op syn helm telâne en is foar ûndersyk nei it sikehûs brocht. Neffens de plysje wie de oarsaak fan it ûngelok in kombinaasje fan in bochtige dyk en in nije achterbân.
Motorrider © Shutterstock.com