Auto botst tsjin beam op de A32

25 okt 2018 - 10:03

By de ôfslach Nijeholtwâlde fan de A32 is yn de nacht fan woansdei op tongersdei in auto fan de dyk rekke en op syn sydkant tsjin in beam botst. De bestjoerder rekke lichtferwûne en is troch meiwurkers fan de ambulânse kontrolearre. Hoe't it ûngelok barre koe, siket de plysje noch út.

Foto: De Vries Media
Trefwurden: 
A32 botsing Nijeholtwâlde
(advertinsje)