450 hurdriders op Skylge beboete

25 okt 2018 - 09:58

By ferkearskontrôles op Skylge hat de plysje 450 bestjoerders beboete om't se te hurd rieden. Sân automobilisten krigen in boete om't se de riem net om hiene.

De Hoofdweg yn Midslân - Foto: Google Street View

De plysje kontrolearre tiisdei en woansdei hast 2700 auto's. De heechste boete gong nei in bestjoerder dy't 87 kilometer ried dêr't 50 kilometer yn de oere it maksimum is.

(advertinsje)