Omrop TIP: de syktocht fan Froulju fan Fryslân

25 okt 2018 - 08:11

Der steane hiel wat stânbylden yn Fryslân, mar wol folle mear fan manlju as fan froulju. Tiid foar in ynhelslach fûnen programmamakker Marleen Godlieb en keunstner Natasja Bennink. Yn it programma Froulju fan Fryslân wurdt der socht nei seis froulju dy't wichtich binne foar de Fryske mienskip op watfoar manier dan ek.

Keunstner Natasja yn petear - Foto: Omrop Fryslân

Natasja Bennink fertelt oer de bylden

Fan dy froulju wurdt in brûnzen boarstbyld makke dy't snein 28 oktober op It Hearrenfean ûntbleate wurde. Hokker frou is sa bysûnder, wichtich of ûnmisber dat der in echt boarstbyld fan makke wurde moat? En wêrom? Dat is fan tongersdei 25 oktober te sjen om 17.45 oere by Omrop Fryslân op TV.

Oflevering 1:

Yn de earste ôflevering stiet de syktocht nei de froulju fan Fryslân sintraal. Keunstner Natasja Bennink is rûnom yn de provinsje te finen om te freegjen hokker froulju dat neffens de Friezen wêze moatte. Sa is se ûnder oare op de merk yn Snits, by de stoere seemannen yn Harns, de fuotbalfroulju op It Hearrenfean en by it AZC yn Sint Anne. Yn Haskerdiken moetet Natasja in boer. Hokker frou draacht hy foar?

Fan it maitiid die Omrop Fryslân de oprop om Fryske froulju dy't in stânbyld fertsjinje te nominearjen foar it projekt Froulju fan Fryslân. Ut mear as 200 nominaasjes binne seis froulju keazen dêr't in portret fan makke wurdt yn film en yn de foarm fan in boarstbyld. Froulju fan Fryslân makket diel út fan LF2018. Mei in crowdfundingsaksje is earder dit jier it nedige jild foar it projekt ynsammele.

(advertinsje)