"Wy wolle sjen litte dat wy fan ús kij hâlde"

25 okt 2018 - 08:07

Sjen litte hoe wiis boeren mei harren kij binne; it is hieltyd wichtiger op de jierlikse Fryske feekeuring yn Oentsjerk. De boeren dogge der alles oan om it publyk sjen te litten hoe't se mei leafde mei harren bisten omgean. "Wy wolle mei ús allen de sektor posityf útdrage", fertelt Willem Dotinga, foarsitter fan de Feekeuring Fryslân.

Foto: Omrop Fryslân, Bauke Deelstra

Dotinga: "Wy wolle sjen litte hoefolle at wy fan in ko hâlde. Hoe't wy dêr op it bedriuw mei dwaande binne. En dêrneist is it moai om de kompetysje oan te gean. Om sjen te litten hoe goed ús bisten binne en dat se better binne as dy fan in oar."

Bauke Deelstra sjocht op de Feekeuring Fryslân

Leafde foar de ko

Op de Feekeuring Fryslân giet it benammen om de leafde foar de ko. "De iene boer fynt in trekker moai, mar de boeren dy't hjir komme fine de kij moai", fertelt bestjoerslid Wierd de Groot.

De dielnimmers helje alles út de kast om de bisten sa moai mooglik yn de ring te krijen. Der binne sels saneamde 'cowfitters', kappers foar kij.

Bauke sjocht by de cowfitter

Foto: Omrop Fryslân, Bauke Deelstra

Feekeuring Fryslân

It is de fjirtjinde kear dat de Feekeuring Fryslân organisearre wurdt. Der dogge 80 kij en 50 keallen fan 35 melkfeehâlders út de hiele provinsje oan mei. De bisten stride yn trije leeftiidsklassen om de Fryske titel. Njonken de titel is der ek noch in jildpriis te fertsjinjen foar de boeren.

Publyk is fan herte wolkom om 09.30 oere yn maneezje De Sanjes yn Oentsjerk.

(advertinsje)