Kollum: "Monuminten"

25 okt 2018 - 07:26

"Ik wenje yn de âlde joadske buert fan Amsterdam. De strjitten binne besiedde mei oantinkens oan 'e Twadde Wrâldoarloch. Sa lizze foar gâns huzen koperen stolpersteine, stroffelstientsjes, lytse koperen stientsjes yn 'e stoepe, mei de nammen fan de joadske bewenners fan de huzen dêr't se by lizze, en wêr't se ta harren ein kamen. Faak yn kampen as Auschwitz, Treblinka en Sobibor. Ik rin der elke dei oerhinne en alle dagen wurd ik herinnere oan 'e skiednis fan dizze buert.

Foto: Omrop Fryslân

De Toan fan Botte Jellema

In pear jier lyn hat it Nederlands Auschwitz Comité it plan opfette om in grut betinkingsmonumint yn dizze buert te setten. Se hiene harren each fallen litten op it Wertheimpark, it iennige park yn it sintrum fan Amsterdam, midden yn 'e âlde joadske buert en noch gjin hektare grut. It monumint soe in tredde fan it hiele park opslokke. It ûntwerp bestiet út in grut bakstiennen doalhôf mei 102.000 nammen der op, fan de troch de holocaust omkommen Nederlânse joaden.

It komitee jout op syn website in pear redenen wêrom't it monumint der komme moat. 'Eindelijk een plaats waar nabestaanden naar toe kunnen gaan' en 'Geen enkel monument in Nederland kan de onwaarschijnlijke omvang van de vernietiging zo inzichtelijk maken.'

Dat binne twiveleftige arguminten. De 'onwaarschijnlijke omvang' ynsichtlik meitsje. Sjoch, wat is der dan grut genôch? Ik bedoel: 102.000 is in ûnbegryplik soad, mar der kamen sa'n seis miljoen joadske minsken om troch de holocaust. Kostet it dan tweintich komplete Wertheimparken om dat 'inzichtelijk' te meitsjen?

It Nederlands Auschwitz Comité is in organisaasje dy'tst net tsjin dy ha wolst. Al wie it mar út respekt foar wêr't se foar stean: it oantinken oan 'e holocaust libjend hâlde, om net te ferjitten wat der troch in fassistysk rezjym in minderheid oandien is. As jo dêr tsjinyn gean dan steane jo gau oan 'e foute kant fan it ferhaal. Mar dat betsjut noch net dat der gjin krityk mooglik is op it plan. En dat ha ik.

Ik wie ien fan de buertbewenners dy't fjouwer jier lyn fan him hearre liet: hoe kin it dat ús park samar foar in tredde part weijûn wurdt, yn in buert dy't net allinnich al de Hollandsche Schouwburg, it Verzetsmuseum en it Holocaustmuseum hat, mar ek nochris it troch Jan Wolkers makke Auschwitzmonumint? En dat allegear binnen 300 meter fan it Wertheimpark.

Doe die bliken dat it komitee it ûnderhânsk regele hie mei it gemeentebestjoer. In hiel nuvere saak dy't nea hielendal helder wurden is, mar al nei bûten kaam is, wêrtroch't it ferhaal yn it Wertheimpark net troch gong.

No wolle se it monumint in stikje fierderop ha, oan 'e Wibautstraat. Mar it bliuwt itselde ûnfoech grutte ûntwerp. En dat knypt. Ik tink hieltyd oan it holocaustmonumint yn Berlyn, in grut field mei betonnen pylders dêr't jo tuskentroch rinne kinne. Ymposant, en dêrom tige populêr ûnder makkers fan selfies.

Yn ferskate poazes, breed laitsjend, springend of soms yn kompromittearjende hâldingen binne der foto's makke, wêrby't de makkers harren net echt bewust lykje te wêzen fan wêr't it no einliks om giet by sa'n monumint. Tige pynlik, en earlik sein fyn ik it mear in misser fan de ûntwerper dan fan de selfiemakkers.

Jan Wolkers hie it wat dat oan belanget goed begrepen: mei kapitale letters stiet op syn monumint 'NOOIT MEER AUSCHWITZ'. Gjin spjeld tusken te krijen, en ûnmooglik om in fleurige selfie by te meitsjen.

Ek no is der wer krityk fan buertbewenners. Mar it komitee wol der neat fan witte. Se binne sa oertsjûge fan harren eigen gelyk, dat se har ferlege ha om buertbewenners te freegjen hoe't se oan harren wenning yn 'e âlde joadske buert kommen binne.

Ik bin foar de stroffelstientsjes. Dy binne net 'onwaarschijnlijk omvangrijk', mar just lyts, om te ûntdekken, om te lêzen, en net op ien plak dêr't yn 'e koartste kearen in parking foar touringcars by oanlein wurde moat, mar troch hiel Nederlân. Troch hiel Europa sels, en alle jierren komme der noch mear by. Lykas de holocaust as slûpmoardner troch de Europeeske steden gong is.

It ynsetten fan monuminten en symboalen is gjin sinekuere en al hielendal net as it oer de grutste genoside fan Europa yn 'e moderne skiednis giet. Ik tink dat der net folle sa yngewikkeld is as it ûntwerpen fan in monumint."

Trefwurden: 
De Toan fan Botte Jellema
(advertinsje)