Frou fljocht yn Ljouwert út de bocht en ramt gebou

25 okt 2018 - 06:18

In frou is yn de nacht fan woansdei op tongersdei yn Ljouwert mei har auto út de bocht flein en tsjin in bedriuwsgebou botst. De bestjoerster ried oer de spoaroergong yn de Oostergowei, doe't it mis gong. Se fleach út de bocht en botste tsjin de gevel.

Foto: Nick den Boer

De frou rûn by de botsing mei de gevel gjin ferwûnings op en koe nei it ûngelok wer nei hûs. Se hie net dronken, lit de plysje witte. Mooglik wie in opsteande râne op de dyk de oarsaak fan it ûngelok. De auto rekke swier skansearre. By it gebou sneuvele in rút en in kezyn.

(advertinsje)