Update: Dokterswacht wer te berikken
De Dokterswacht Friesland is wer te berikken op it gewoane nûmer: 0900 1127112. Troch in tillefoansteuring wie de Dokterswacht Friesland yn de nacht fan woansdei op tongersdei net te berikken. Minsken dy't dat al diene, krigen gjin kontakt. De Dokterswacht wie net berikber fan 01.30 oan 07.30 oere.
Rap help nedich? Belje 112
De Dokterswacht giet der fan út dat minsken dy't hiel gau help nedich hienen, dêrfoar 112 brûkt hawwe. Minsken kinne fan 08.00 ôf de eigen húsdokter wer gewoan belje.