Plysje lûkt wapens by oanhâlding yn Ljouwert

24 okt 2018 - 22:46

Aginten moasten woansdeitejûn harren wapens lûke om in fertochte oan te hâlden yn Ljouwert. De man siet yn syn auto op de Wijbrand de Geeststrjitte, doe't de plysje him oanhâlde woe. De 59-jierrige Ljouwerter wie belutsen by in parkearrûzje.

De auto fan de fertochte - Foto: Kappers Media

De plysje krige in melding fan in 20-jierrige Ljouwerter dy't sei dat hy by in parkearrûzje yn de Nije Easterstrjitte mei in fjoerwapen bedrige wie. Hy joech it sinjalemint en it kenteken fan de 59-jierrige Ljouwerter troch.

Plysjes seagen de fertochte riden op de Wybrand de Geeststrjitte en setten de auto oan de kant. Om't de man mooglik in fjoerwapen hie, namen de plysjes gjin risiko en hellen him mei lutsen wapens út de auto.

Der is yn de auto fan de Ljouwerter gjin wapen fûn. De fertochte sit noch fêst foar fierder ûndersyk.

Trefwurden: 
plysje Ljouwert
(advertinsje)