Drachten komt yn de kunde mei eigen skiednis

Alde kranteknipsels, plakboeken, foto's fan pake en beppe. Elkenien dy't nijsgjirrich is nei de skiednis fan Drachten, koe woansdeitemiddei âld materiaal fan de stêd ynsjen. De Stichting Smelne's Erfskip organisearre de earste Inloopmiddag Historisch Drachten yn de pleatslike bibleteek.
Johanna Brinkman © Omrop Fryslân
Besikers koene sels fotoboeken of oar âld materiaal oer Drachten meinimme. In tal frijwilligers fan de stichting wie oanwêzich om minsken te helpen om mear ynformaasje te finen oer it âlde guod.
Neffens Roelof Hazelhoff, sekretaris fan Smelne's Erfskip, wie it in suksesfolle middei. "De ynrinmiddei begûn om twa oere, mar in kertier dêrfoar stiene minsken al te wachtsjen. Der binne sa'n 35 minsken delkaam."
Yn novimber sil der wer in ynrinmiddei yn de bibleteek fan Drachten hâlden wurde. Dêrnei sil der sjoen wurde oft it in ferfolch krijt yn it nije jier.
Johanna Brinkman © Omrop Fryslân