Wierd Duk: "Burgemeester Dokkum begrijpt eigen bevolking niet"

24 okt 2018 - 22:13

"Je zag bij de Sinterklaasintocht in Dokkum vorig jaar twee problemen: Kick Out Zwarte Piet die de Nederlandse verhoudingen niet begrijpt. En een burgemeester die haar eigen bevolking niet begrijpt." Dat sei Telegraaf-sjoernalist Wierd Duk woansdeitejûn yn Iepen Up Live.

Foto: Omrop Fryslân

Neffens Duk blykt út stikken dat boargemaster Marga Waanders de aksjegroep Kick Out Zwarte Piet fasilitearje woe by harren demonstraasje by de yntocht. En dêr siet de lokale befolking net op te wachtsjen. "De blokkeerfriezen hadden niet zozeer een probleem met de activisten, maar met hun eis om mee te lopen tussen de kinderen."

Foarbyld fan grutter probleem

Duk sjocht de blokkear-aksje op de A7 ferline jier as in metafoar foar wat folle grutters. "Er is overal in de wereld een cultuurstrijd gaande. Dat zie je in Groot-Brittannië met de Brexit, in de Verenigde Staten met de overwinning van Trump, in Duitsland met de emigratie. En in Nederland is Zwarte Piet het speerpunt geworden. Het is de strijd tussen hoogopgeleid en laagopgeleid, tussen globalistisch en patriottistisch. Het gaat niet over Zwarte Piet, maar over onze identiteit."

Poldermodel ûnder druk

Neffens Duk libje we yn in "verontrustende en bedreigende tijd". Yn Nederlân binne we wend nei konsensus te sykjen, mar dat poldermodel stiet ûnder druk. "Groepen als Kick Out Zwarte Piet zijn niet op zoek naar consensus. Dat zijn maximalisten, die gaan voor het uiterste. Dat zijn we niet gewend in Nederland, wij zijn gewend altijd de hand uit te steken."

(advertinsje)