FIDEO Nynke Sietsma sil nei Lesbos: "It is oerweldigjend"

Nynke Sietsma fan Tsjerkwert sil no sneon ôfreizgje nei it Grykske eilân Lesbos. Se sil dêr hinne om te helpen yn ien fan de beide flechtlingekampen. In pear wiken ferlyn die Sietsma fia sosjal media in oprop op foar stipe foar har inisjatyf en sy krige in grut tal reaksjes. Yn totaal is der no 5500 euro ynsammele foar de aksje. Sietsma wie woansdei te gast yn Fryslân Hjoed, en fertelde dêryn oer har plannen, motivaasjes en ferwachtings.
Nynke nei Lesbos