LIVE: IepenUP mei Wierd Duk

LIVE: IepenUP met Wierd Duk
Sjoernalist Wierd Duk makket hiel wat los yn Nederlân Opinylân. Hoe stiet Nederlân der neffens him foar? Folgje dat alles fan 20.00 oere ôf yn de livestream fan IepenUP. Delkomme yn kafee De Backstage kin fansels ek.

Wurdearring én ôfkarring

As ferslachjouwer foar de Telegraaf is Wierd rûnom yn it lân te finen om op syn eigen wize op te tekenjen hoe't Nederlân derfoar site. Dat leveret him, benammen op Twitter, in soad wurdearring én ek ôfkarring op.

Tuskentiidske balâns

Presintator Eric Ennema besiket mei Duk in tuskentiidske balâns op te meitsjen fan syn ûntdekkingstocht fan it hjoeddeiske Nederlân. Wat is neffens him geande yn de mienskip? Wat stiet ús noch te wachtsjen en hokker trends, oplossingen en problemen foarsjocht hy foar de heine takomst?
Fansels is der folop romte om mei Wierd yn diskusje te gean; yn real life of yn de reaksjes ûnder de Facebookstream. De muzyk wurdt fersoarge troch de funk & soul band Samora en it gedicht komt fan Annemarie Lindeboom.

IepenUP

Alle woansdeis stean yn it programma de aktualiteiten yn de wrâld sintraal. Hoe libje wy mei ús allen, hokker subgroepen meitsje dêr diel fan út en hoe soargje wy derfoar dat wy inoar faker moetsje en better begripe? Dat binne saken dy't oan bar komme yn IepenUP.
Elkenien kin oanwaaien komme en meidwaan oan de diskusjes yn kafee De Backstage yn poppoadium Neushoorn. It programma set alle woansdeis om 20.00 oere útein en is te folgjen op Omropfryslan.nl, yn de Omrop-app en op de Facebookside fan Omrop Fryslân. Mear ynformaasje oer IepenUP is te finen op de Facebookside. IepenUP is in inisjatyf fan Omrop Fryslân, Tresoar en Neushoorn Café en LF2018.