Sionsberg oer soarchfalliseminten: "Wy hawwe gjin finansjele problemen"

24 okt 2018 - 19:41

Medysk sintrum Sionsberg yn Dokkum hat op dit stuit gjin finansjele problemen. Dit stiet yn in skriftlike ferklearring fan de ynstelling, nei oanlieding fan de finansjele problemen fan de sikehûzen yn Flevolân en Amsterdam.

Sikehûs Sionsberg - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

Soarchûndernimmer Loek Winter is oandielhâlder fan Sionsberg én de MC groep. Hjir falle it Slotervaartsikehûs en de IJsselmeer sikehûzen ûnder. Dizze ynstellingen hawwe útstel fan betelling oanfrege.

De MC Groep en Sionsberg binne finansjeel ûnôfhinklike organisaasjes, wêrtroch't de driigjende falliseminten neffens de belutsenen gjin gefolgen hawwe foar Sionsberg, sa stiet yn de ferklearring.

(advertinsje)