Trije jier sel foar man dy't gemeentewurkers gizele

24 okt 2018 - 19:37

De man dy't ôfrûne maitiid in meiwurker fan de gemeente Ljouwert gizele hat, en dêrby oare meiwurkers fan de gemeente bedrige, hat trije jier finzenisstraf krigen. Achttjin moannen hjirfan binne ûnder betingst.

Justysje - Foto: Shutterstock.com

De man hie yn it gemeentehûs in mes lutsen en in meiwurker efter de baly yn in wurchgreep nommen. Hjirby rekke de meiwurker ferwûne. De man woe mei dizze aksje in petear mei de boargemaster ôftwinge.

It hanneljen fan de man hat laat ta eangstgefoelens en ûnrêst by de gemeentemeiwurkers. Neffens de rjochtbank moatte krekt dizze minsken yn in publike funksje yn frijheid wurkje kinne. Sy meie neffens de rjochter net te krijen hawwe mei yntimidaasje en geweld. Op dat rjocht hat de man serieuze ynbrek makke.

Trefwurden: 
Ljouwert gizeling
(advertinsje)
(advertinsje)