Maleizysk eilân freget help fan Fryske sjippefabryk

It waskmiddel fan 'De Zeepfabriek van Wijnjewoude' slacht oan yn Fryslân. Undernimmers fan it Maleizyske eilân Pulao Tioman hawwe no ek ynteresse. Reinier Gildemacher (52) út Wynjewâld is de man efter dit bedriuw. Hy wie adviseur by de gemeente, mar doe't syn soan hûdproblemen krige, smiet hy it roer om. Obe (7) hie as lytse poppe lêst fan ekseem.
HEA! seach by Reinier yn de keuken
"Doe't wy by de dokter kamen, wist hy ek net krekt hoe't it koe dat hy sa'n lêst hie. De dokter advisearre om te letten op it waskmiddel dat we brûkten. Dat sit op je hûd en dat kin in oarsaak wêze."
Sûnt trije jier makket hy thús yn de keuken sels waskmiddel. Doe't de húsdokter pasjinten mei likense klachten nei Gildemacher trochstjoerde foar in literke waskmiddel, waard De Zeepfabriek van Wijnjewoude hieltyd grutter.
Ferskate winkels yn de noardlike provinsjes ferkeapje it waskmiddel. En Obe? Dy is bliid mei it waskmiddel dat syn heit foar him makket. Want hy hat hast gjin lêst mear fan ekseem en jokte.

Keep It Simple Stupid

Doe't Reinier Gildemacher en syn frou Sonja (42) harren ferdjipten yn anty-allergysk waskmiddel skrokken se fan de prizen dy't se foar in liter waskmiddel betelje moasten. "Doe haw ik my der yn ferdjippe hoe't je eins sels waskmiddel meitsje kinne." As ôfstudearre filosoof die Gildemacher dat ûnder it KISS-prinsipe: Keep It Simple Stupid.
"Ik haw mei dit waskmiddel it tsjil net útfûn. Ik haw gewoan besjoen hoe't it makliker kin, lykas eartiids sûnder gemyske middelen, dy't min binne foar ús hûd, mar ek foar ús miljeu. Want der binne miljoenen liters ekstra wetter nedich om fersmoarge wetter te ferfarskjen."
Ek it opnij brûken fan de flesse fynt Gildemacher wichtich. Minsken kinne de lege plestik flessen dêrom ek wer by him ynleverje.
© Omrop Fryslân

Alle wiken 200 liter

Gildemacher makke it waskmiddel earst allinnich foar eigen gebrûk, mar yn syn romme keuken fan in ta wenhûs omboud pleatske wurdt no alle wiken sa'n 200 liter waskmiddel makke. Ien mei in neutrale rook, en foar de leafhawwer fan in rûkerke oan skjinne wask binne der ek flessen mei 'lavendel' of 'rozemarijn' te krijen.
"Ik keapje grutte repen mei sjippe yn út it Frânske Marseille. Dêr is de sjippe suver en boppedat betelber. Yn Nederlân giet de priis samar fiif kear oer de kop en dan kin ik ek gjin betelber waskmiddel mear meitsje."
Gildemacher hat fansels in geheim resept foar syn waskmiddel. "Mar de ynhâld is frij simpel: sjippe, soada en wetter en dan yn de krekte ferhâldingen."
© Omrop Fryslân

Maleizysk eilân Pulao Tioman

Dizze simmer wiene de Gildemachers op fakânsje yn Maleizië. Op it eilân Pulao Tioman hierden se in appartemintsje. De Britske eigeneresse fertelde dat it eilân dwaande is om in duorsumheidsslach te meitsjen. Ek fanwege it moaie rifgebiet dat it eilân ûnder wetter hat.
"Se brûkten dêr al middels sûnder fosfaat. Neffens eigen sizzen koene se sjen dat it rifgebiet dêr baat by hat. It is in gebiet dêr't je prachtich snorkelje en dûke kinne."
Eksportearje is gjin opsje, dan binne je alle winst kwa duorsumens alwer kwyt.
Reinier Gildemacher
De Britske frou, dy't troud is mei in Maleizyske man, hat de Gildemachers útnûge om yn maaie takom jier del te kommen en de famylje te fertellen hoe't je sels waskmiddel meitsje kinne. "De famylje dêr hat in stik strân yn eigen behear en se wolle graach dat in bûtensteander har famylje fertelle kin hoe wichtich it is om net-gemyske middelen te brûken."
It waskmiddel fan 'De Zeepfabriek' eksportearje nei Maleizië fynt Gildemacher gjin opsje. "Dan binne je alle winst kwa duorsumens kwyt. Ik wol se dêr graach leare hoe't je sels waskmiddel meitsje kinne, sadat it miljeu dêr baat by hat. It giet my echt om de natuer."