VLOG: Regina Bijlsma komt oan yn einpunt Barcelona

24 okt 2018 - 18:45

Yn de lêste vlog fan Regina sjogge wy dat Regina en Sara yn Barcelona oankomme. Hjir besykje se it plein dêr't Jim optreden hat. As lêste besykje se it plak dêr't it ûngelok plakfûn hat dêr't Jim by om it libben kaam is fiif jier lyn.

Op 17 oktober is it fiif jier lyn dat de 19-jierrige Jim Sluiter yn Barcelona om it libben kaam by in ûngelok. Syn mem, Regina Bijlsma, folget sûnt freed 5 oktober de lêste reis fan har soan. Foar har is dizze reis in ôfsluting fan in drege perioade en it begjin fan in nij libben. Underweis vlogt se foar Omrop Fryslân har ûnderfinings.

Yn har foarige vlog wie se ûnder oare ûnder de yndruk fan Parys, dêr't Jim ek in skoft west hat.

(advertinsje)
(advertinsje)