Ferwûne by iensidich ûngelok yn Eastermar
Op de Sumarderwei yn Eastermar is op woansdeitemiddei om 17.00 oere hinne in iensidich ûngelok bard. De bestjoerder ferlear de macht oer it stjoer en botste frontaal tsjin in beam.
De brânwacht waard alarmearre, omdat der mooglik immen beknypte wêze soe. De bestjoerder is sels út de auto krûpt. Hy wie ferwûne rekke en waard oerbrocht nei it sikehûs.