FNP: Fryslân moat mear sizzenskip krije binnen it keninkryk

24 okt 2018 - 17:14

Fryslân moat fiergeande sizzenskip krije op tal fan mêden, útsein Definsje en Utlânske Saken. Dat sei FNP woansdeitemiddei op in parsekonferinsje yn Dokkum, wêr't de partij har takomstfyzje presintearre. Neffens de fyzje kriget Fryslân in 'bysûnder plak yn it Keninkryk', te ferlykjen mei de situaasje fan Wales yn it Feriene Keninkryk en Súd-Tirol yn Italië. Regio's mei dúdlik mear sizzenskip yn harren lidsteaten. Neffens FNP is it grutste foardiel fan it plan dat it foar Fryslân mear wurkgelegenheid opsmyt.

Mear maatwurk

Neffens de FNP moat der mear maatwurk komme. Saken dy't de Fryske befolking reitsje, moatte wy sels bepale kinne, skriuwt de FNP yn it rapport. Dit moat soargje foar in better takomstperspektyf, ekonomyske groei en behâld fan jong talint. Dêr hearre dan by: in eigen universiteit en behâld fan eigen organisaasjes, lykas de plysje en de Keamer fan Keaphannel. "No binne dy fêstige yn Grins", seit FNP-Steatelid Sybren Posthumus.

Regionaal

De taken dy't Fryslân yn de fyzje fan de FNP oerkrijt, lizze op it mêd fan: ekonomy, lânbou, ûnderwiis, kultuer en wittenskippen, ynlânske saken, ynfrastruktuer en miljeu, finânsjes, sosjale saken en wurkgelegenheid, feiligens en justysje, folkssûnens, wolwêzen en sport.

Dêr moatte ministearjes foar ynrjochte wurde. FNP fynt it wichtich dat dizze saken regionaal regele wurde en net fan út Den Haach. Ut it rapport fan de FNP docht bliken dat in soad Friezen harren fine kinne yn in gruttere ôfstân yn de relaasje mei Den Haag. "As Fryslân wat struktureel feroarje wol, jout it Ryk gjin thús", seit FNP.

Foto: FNP Waadhoeke

Oare lannen yn Europa

De FNP tinkt dat it plan wol realisearre wurde kin, om't it yn oare lannen fan Europa ek plakfynt. Sels yn regio's mei mar 2.700 ynwenners, sa as in pear eilannen by Finlân. It rapport sil dan earst fierder útwurke wurde moatte en dêrnei sille der petearen mei Den Haag plakfine moate.

Trefwurden: 
FNP takomstplan takomstfisy
(advertinsje)