Weststellingwerf siket nije behearder foar kantine yn De Steense

24 okt 2018 - 16:31

Weststellingwerf wol mei in iepenbiere oanbesteging besykje in nije behearder te finen foar de kantine yn sportkompleks De Steense yn Wolvegea. It kontrakt mei de besteande behearder rûn yn augustus ôf.

Foto: Google Streetview

Sûnt dy tiid stiet de kantine leech, ta frustraasje fan de sportklups dy't gebrûk meitsje fan De Steense. Sy kinne nei de wedstriid of training terjochte by in kofje-automaat en in automaat mei drankjes, mar fine dat net genôch. De gemeente seit no dat it hiele proses fan de oanbesteging wol in pear moannen duorje sil.

Moetingsplak

De gemeente wol neist de hichte fan de biedings, ek sjen nei oanbieders dy't bygelyks langduorjend wurkleazen of hendikepten ynsette wolle yn de kantine. De gemeente wol ek graach dat de kantine in rol krijt as moetingsplak foar de buert.

(advertinsje)