Flinke opknapbeurt foar hierwenten op Flylân

Tsientallen hierwenningen op Flylân sille foar mear as oardel miljoen euro opknapt wurde. It giet benammen om hierwenningen op de Berkenlaan yn it doarp. Der komme nije keukens, badkeamers en wc's. Fierder wurde sinnepanielen pleatst.
Hierwenten oan de Nieuwestraat © Google Street View
As earste sille de ûnbewenne wenningen oan de Berkenlaan oanpakt wurde, dêrnei komme ek de bewenne hûzen oan bar. Dêrnjonken sille ek de hierwenningen yn de Nieuwestraat oanpakt wurde. It giet yn totaal om 43 wenningen op it eilân.
Alle bewenners krije foar de opknapbeurt besite fan WoonFriesland en fan de oannimmer. Yn maaie takom jier moat it wurk klear wêze.