Nederlânske brassbandkampioenen út Fryslân meie beker hâlde

24 okt 2018 - 16:14

In oantal Fryske brassbands dat yn it ferline faak Nederlânsk kampioen wurden is, hoecht de wikselbeker dy't heart by dat NK net wer yn te leverjen. Ferline jier hat de organisaasje efter it Nederlânsk Kampioenskip nije bekers oanskaft. Al gau krige it bestjoer de fraach wat der no mei de âlde bekers dien wurde soe.

Brassband Looft den Heer - Foto: Surventobrass

It bestjoer hat dêrnei ferskate opsjes besjoen en besletten om de bekers kado te dwaan oan de brassbands dy't it faakst kampioen wurden binne. Trije Fryske bands profitearje dêrfan.

Brassband Looft den Heer Bitgummole hat fiif kear wûn yn de tredde difyzje. Brassband Excelsior Ferwert hat njoggen kear wûn yn de twadde difyzje. Brassband De Wâldsang Bûtenpost hat 14 kear wûn yn de Kampioensdifyzje.

Nederlânske Brassband Kampioenskippen

De bekers wurde kommende sneon útrikt. Dan wurdt yn TivoliVredenburg yn Utert it Nederlânsk Kampioenskip fan dit jier hâlden.

(advertinsje)
(advertinsje)