Bysûnder houliksoansyk by de Strontrace: "We zijn één met het skûtsje"

24 okt 2018 - 15:52

"Karin, Trouwen?" Simpeler kin it boadskip hast net ferwurde wurde. It wiene de twa wurden dy't tiisdeitenacht by de finish fan de Strontrace op it seil fan de De Verwisseling stiene, doe't it omheech helle waard. Bas Krom, winner fan de Strontrace, is dejinge dy't sa graach mei Karin trouwe wol, en De Middei fan Fryslân prate woansdeitemiddei mei him.

Trouwe - Foto: Omrop Fryslân, Bauke Deelstra

"Het hele idee om het zo publiekelijk te doen heb ik altijd al in mijn hoofd gehad", sa fertelt Krom nei't er wat bykaam is fan de lange sylrace en alle emoasjes fan it oansyk. "Ik ben heel erg verbonden met de strontrace, en Karin is fokkenist op het skûtsje. We zijn dus één met het skûtsje."

Net de earste kear

It wie net de earste kear dat Bas it idee hie om op dizze wize syn freondinne ten houlik te freegjen. "Het was eigenlijk de planning om het vorig jaar al te doen. Toen stond mijn schoonvader ook wel wat beteuterd op de steiger, denkende 'hij doet het niet!'" Dit jier wie Bas der lykwols mear op klear, en hie er him ek better taret. De wichtige tekst wie mei swarte tape op it seil oanbrocht.

Ik heb begrepen dat het ja was. Dat was ook wel uit de emoties op te maken!

Bas Krom

Lokkigernôch foar skoanheit wie er der dit jier ek wer by, en koe er dus lang om let it oansyk meimeitsje. "Karin was al wat verbaasd dat haar vader weer bij de finish aanwezig was", laket Bas.

It antwurd

De oansteande brêgeman hie tsjin syn freondinne sein dat de wedstriid tige wichtich foar him wie, en dat hy dus wol ferwachte dat sy by de finish oanwêzich wêze soe. Dochs sloech de eangst him eefkes om it hert. "Ik zag haar eerst niet staan!" Mar lokkigernôch wie se der dochs, op de steger.

En it wichtichste, se hat ja sein! Ek al hat Bas der sels net sa'n soad fan meikrigen. "Het was niet goed te horen, maar ik heb begrepen dat het ja was. Dat was ook wel uit de emoties op te maken!"

De troudatum is noch net bekend, it stel wol earst bykomme en dan plannen meitsje.

Trefwurden: 
houlik Strontrace Bas Krom
(advertinsje)