Gemeente Harns plantet 5.000 tulpebollen tsjin polio

24 okt 2018 - 15:48

Op de rotonde foar de Oostpoort yn Harns wurde woansdei 5.000 tulpebollen plante troch de gemeente Harns, yn gearwurking mei de Rotary fan Harns en de Stichting de Riedpolder. Dat bart yn it ramt fan End Polio Day.

Tulpen - Foto: Shutterstock.com

Op dizze dei wurdt oer de hiele wrâld omtinken bestege oan de bestriding fan polio. Al sûnt 1985 set de ynternasjonale Rotary him dêr foar yn. Yn de earste jierren waarden alle jierren 350.000 bern it slachtoffer fan de sykte. No binne dat der noch mar tsien. De Rotary fan Harns stipet de aksje, mei de ferkeap fan tulpebollen.

Titelroazen

De tulpebollen dy't woansdei plante wurde, komme dan ek diels fan de Rotary. Mar dêr bliuwt it net by, want de gemeente plantet sels ek nochris goed 12.000 titelroazen.

(advertinsje)