Proses tsjin oanfallers âld-Drachtster yn Tadzjikistan úteinset

Yn Tadzjikistan is de rjochtsaak úteinset tsjin de fertochten fan de terreuroanslach, wêrby't yn july fjouwer bûtenlânske fytsers om it libben kamen. Dat skriuwt it AD woansdei. Ien fan de slachtoffers wie de 56-jierrige âld-Drachtster René Wokke.
It plak fan it barren yn Tadzjikistan © AKHBOR
Mei elkoar steane 17 fertochten foar de rjochter. Mar ien fan harren is streekrjocht by de oanslach belutsen. Hy waard arrestearre troch de feilichheidstsjinsten fan Tadzjikistan. De fjouwer oare dieders waarden deasketten. De rjochtsaak fynt plak yn in swier befeilige finzenis en is net iepenbier.

Broer

It AD hat Erik Wokke, de broer fan René, om in reaksje frege. Hy wist hielendal net dat de behanneling fan de saak úteinsetten is. De freondinne fan René Wokke wist der wol fan, sa skriuwt it AD. Sy folget it proses op de foet.