Lemster krijt wurkstraf foar bedriging fan plysje

24 okt 2018 - 14:31

In 47-jierrige man fan De Lemmer is woansdei troch de plysjerjochter yn Ljouwert by ôfwêzichheid feroardiele ta in wurkstraf ûnder betingst. De man hat him neffens de rjochter skuldich makke oan mislediging en bedriging fan twa plysjeminsken.

Rjochter - Foto: Shutterstock.com

Lekke bân

De Lemster waard op 26 juny fan dit jier oanhâlden, omdat hy mei in lekke bân ried. Hy sei dat hy dêr neat fan fernaam hie. Hy sei ek dat hy net wist wat foar manlju it wiene, dy't him oanhâlden hiene. Sy hiene wol plysjeklean oan, mar neffens de fertochte bart it wol faker dat dy stellen wurde en troch boargers brûkt wurde. Hy begûn te skellen en te driigjen.

De rjochter hat bepaald dat de man ûnder tafersjoch fan de reklassearring komt. Ek moat hy behannele wurde en kontrolearre op it brûken fan drank en drugs.

(advertinsje)