Kafee yn Snits bliuwt ticht fanwegen drugshannel

24 okt 2018 - 13:59

Kafee De Witte Kat yn Snits bliuwt ticht. Neffens de rjochter hat de gemeente Súdwest-Fryslân de eksploitaasjefergunning terjochte ynlutsen. De eigener hie frege om it beslút werom te draaien. Mar neffens de rjochter docht út ûndersyk bliken dat der yndied yn drugs hannele waard yn it kafee.

Foto: Google Street View

Twa meiwurkers binne der yn juny foar oanhâlden. It ûndersyk nei beiden rint noch. Fanwegen de hannel yn drugs moast it kafee in wike foar de Snitswike ticht. De eigener ûntkent dat hy sels wist fan de drugshannel en hat syn twivels by it plysjeûndersyk. Mar neffens de rjochter doocht it plysjeûndersyk wol en stiet de feiligens fan de besikers foarop.

(advertinsje)