Museum Belvédère krijt 50.000 euro foar útstalling oer Olphaert den Otter

24 okt 2018 - 13:31

Museum Belvédère yn Oranjewâld krijt de earste Agnes van den Brandeler-priis. Dy bestiet út 50.000 euro. It jild wurdt bestege oan in monografyske tentoanstelling oer it wurk fan de keunstner Olphaert den Otter (1955). De útstalling is pland foar de hjerst fan 2020.

Foto: Museum Belvédère

It projektfoarstel fan Museum Belvédère hjiroer is troch de sjuery fan de Agnes van den Brandeler-priis útkeazen út in shortlist fan trije musea. De oare wienen it Stedelijk Museum Schiedam en it Dordrechts Museum.

Neist de tentoanstelling is it plan ek om in publikaasje te meitsjen en in sympoasium te organisearjen oer lânskippen en de 'wondweefsels' dy't de minske yn de rin fan de iuwen dêryn oanleit.

"Museum Belvédère is buitengewoon verguld met de toekenning. De Agnes van den Brandeler Stichting stelt ons nu in staat een uiterst relevant oeuvre van een levende Nederlandse kunstenaar de volle aandacht te geven die het verdient," seit Han Steenbruggen, direkteur.

Jonkfrou Agnes van den Brandeler (1918-2002) wie in Nederlânske keunstner. Benammen it ekspresjonisme luts har.

(advertinsje)