Tentoanstelling 'Geraakt' yn Earnewâld makket soad los

24 okt 2018 - 13:13

De tentoanstelling 'Geraakt' yn it besikerssintrum fan Earnewâld ûntfangt dizze woansdei de 10.000ste besiker. Sûnt april is dêr in permaninte tentoanstelling oer de Lancaster dy't yn de omkriten fan it doarp delstoarte yn de Twadde Wrâldoarloch.

It wie de lêste flecht fan Lancaster R5682 yn septimber 1942. De sân bemanningsleden kamen del yn de Alde Feanen by Earnewâld. Trije bemanningsleden kamen om. Ferline jier is it wrak lang om let burgen en yn april is de tentoanstelling iepene.

"Dat we nu al zoveel bezoekers hebben, is ver boven verwachting," fertelt Klaas Hoekstra, projektlieder. "We hadden gerekend op 10.000 bezoekers over het hele jaar, maar we zijn sinds april open en zitten daar dus nu al op."

Verhaal laten zien en horen

Alles wat fûn is by it bergjen fan it fleantúch yn de Ald Dwinger is yn de eksposysje te sjen, lykas ûnderdielen fan in parasjute, gewearloop, unifoarm fan in bemanningslid, mar ek ferhalen en foto's fan de bemanningsleden. "We willen het verhaal van die ene nacht laten horen en zien."

Ek neibesteanden fan oer de hiele wrâld witte de tentoanstelling te finen. Se komme der apart foar út Kanada wei, en Amearika, Ingelân en Nij-Seelân.

"Foarige wike hat Gil Gibbs hjir west, se is de dochter fan bemanningslid Neil Mullins. Dat wie hiel emosjoneel," fertelt Jantine Wiersma fan de tentoanstelling. "We ha by de plakken del west wêr't har heit lâne is."

Tentoanstelling 'Geraakt' yn Earnewâld - Foto: Omrop Fryslân, Simone Scheffer

Simone Scheffer is yn Earnewâld

Yndrukwekkend

De eksposysje makket it ferhaal sichtber en taastber, ek foar de nije generaasje. Se fernimme dat bern it faak yndrukwekkend fine.

Yn de hjerstfakânsje is de tentoanstelling iepen.

(advertinsje)