Skylge besiket mei graafmasines fan wettercrassula ôf te kommen

24 okt 2018 - 12:37

De wettercrassula is in hiel lyts plantsje, dat in hiel grut probleem opsmite kin. Op Skylge witte se der alles fan. Ferskate kearen is besocht om it plantsje definityf fuort te heljen, mar oant no ta om de nocht.

Dizze wike binne graafmasines oan it wurk by Midsland aan Zee om grûn ôf te graven om sa definityf fan de wettercrassula ôf te kommen.

De plant is in eksoat út Australië dy't alles oerwoekeret. "Het is een slagveld," seit boskwachter Renee Hougee. "Ik word hier niet blij van, maar hopelijk doen we het goed en gaat het werken."

Foto: Omrop Fryslân, Remco de Vries

It is in grutte put. "Er wordt vier hectare afgegraven en in een depot in een duin hoog en droog opgeborgen." Oer in pear wiken hopet er dat de natuer him wer herstelle kin. "Ik ben er niet trots op hoe het er nu uitziet, maar het moet."

It is ek in sekuere put. Mei it ôfgroeven materiaal mei net griemd wurde. "De bakken mogen niet te vol, het gaat er om dat we schoon werken. Er mag geen stukje watercrassula achterblijven."

Nei dit stik sille ek oare gebieten op it eilân ôfgroeven wurde.

Foto: Omrop Fryslân, Remco de Vries

Remco de Vries is op Skylge

Trefwurden: 
Skylge wetterkrassula
(advertinsje)
(advertinsje)