Hoarekabûn hat noed oer taname hoarekagelegenheden yn Ljouwert

24 okt 2018 - 12:16

It Fryske hoarekabûn makket him soargen oer de taname fan it tal hoarekagelegenheden yn Ljouwert. Se ha de gemeente benadere, om't se tinke dat der yntusken wol genôch yt- en drinksaken binne.

Menukaart - Foto: Shutterstock.com

De gemeente feroaret wol gauris in bestimmingsplan fan in gebou yn hoareka om de leechstân yn de binnenstêd tsjin te gean. It lykwicht fan winkel- en hoarekabestân komt dan yn gefaar, tinke se.

It bûn sit ek yn twaspjalt. Se wolle gjin rem sette op de komst fan nije hoarekasaken. Mar dat troch grutte konkurrinsje saken, krekt lykas restaurant Liuwherne nei 25 jier yn de stêd der mei ophâlde moatte, fynt Corné van de Erve fan de Fryske ôfdieling fan Koninklijke Horeca Nederland tige spitich.

Corné van de Erve

"De kunst is dat we met z'n allen het evenwicht van vrij ondernemerschap bewaren. We hebben aangegeven bij de gemeente dat daarop moet worden gelet en gevraagd of we daar gezamenlijk wat aan kunnen doen", seit Corné van de Erve.

"Als een ondernemer kansen ziet, wie zijn wij dan als brancheorganisatie om te zeggen dat die kans niet gepakt mag worden."

(advertinsje)